Ynbrekker mei mes pakt

19 sep 2012 - 11:02

De plysje fan It Hearrenfean hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei in 41-jierrige ynbrekker oanhâlden. De man hie ynbrutsen yn it hûs fan in 27-jierige bewenner fan de Hoopstede. Doe't de bewenner wekker waard fan de ynbrekker, bedrige dy him mei in mes. De ynbrekker easke jild en in mobile telefoan.

De ynbrekker naaide út, wêrnei't de bewenner de plysje belle. Dy seach de fertochte fuortfytsen en koe him oanhâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)