Ynbrekker mei biezem slein

23 jun 2007 - 15:28

In Ljouwerter hat sneontemoarn in ynbrekker mei in biezem slein en him sa tsjinhâlden. De man trapearre de ynbrekker yn syn wente oan 'e Delistrjitte en gie der achteroan. Yn de Sumatrastrjitte helle er him yn en joech him in klap mei de biezem.

Mei help fan in buertbewenner waard de fertochte oerdroegen oan de plysje. Bliken die dat de fertochte op in oar plak yn 'e Delistrjitte ek besocht hie yn te brekken. Dat is net slagge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)