Ynbrekker lit bloed achter

27 sep 2013 - 12:54
  • Ynbraak

De plysje siket tsjûgen nei oanlieding fan in ynbraak yn Dokkum. De ynbraak fûn plak yn de nacht fan woansdei op tongersdei yn in sporthal oan de Kapelleane. Dêrby binne ien of meardere ynbrekkers ferwûne rekke. Yn de sporthal is behoarlik wat bloed oantroffen, mar der is neat stellen.

De plysje komt graach yn kontakt mei minsken dy't wat sjoen hawwe en dy't mooglik wat mear fertelle kinne oer ien of mear ferwûne ynbrekkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)