Ynbrekker krûpt ûnder kastje

12 jul 2007 - 11:20

Befeiligingsmeiwurkers hawwe yn de nacht fan woansdei op tongersdei in ynbraak yn in hoarekagelegenheid oan de Sophialeane yn Ljouwert foarkaam. Se kamen in 39-jierrige man út Minnertsgea oer it mad, doe't dy it gebou trochsocht.

De befeiligers bellen de plysje, dy't de man letter oanhâlde. Der moatst wol eefkes socht wurde, want de man siet ûnder in kastje. Hy hie doe al in jildkistje ynpikt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)