Ynbrekker hotel Harns oppakt

29 sep 2007 - 14:20

In 27-jierrige ynwenner út Den Helder is sneon yn Harns oanhâlden op fertinking fan ynbraak yn in hotel oan de Brouwersstrjitte.

In tsjûge warskôge de plysje dat in man fia it rút fan it hotel nei binnen klom. Dy seach de fertochte yn it pand. De ynbrekker gie der fan troch op it momint dat hy yn de gaten hie dat de plysje der wie. Nei in achterfolging koe de ynwenner fan Den Helder op de Suderhaven oanhâlden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)