Ynbrekker Harns moat langer fêstsitten bliuwe

25 des 2014 - 12:29
  • (argyffoto)

In 23-jierrige ynwenner fan Harns dy't moandei oppakt is foar ferskate ynbraken moat fjirtjin dagen langer fêstsitten bliuwe. Dat hat de rjochter-kommissaris útmakke. De man wurdt fertocht fan santjin ynbraken yn Harns, Frjentsjer, Boalsert en Snits yn de ôfrûne twa jier. De plysje ûndersiket oft noch mear minsken belutsen binne by de ynbraken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)