Ynbrekker Grou trappearre

12 aug 2012 - 14:13
  • Ynbraak

Yn Grou is sneintemoarn in ynbrekker trappearre. In tsjûge seach dat in man mei in stien it rút fan de foardoar fan in hûs oan de Nijdjipsstrjitte fernielde en deryn gie. Doe't de plysje kaam, sei de fertochte (18) út Wytgaard dat er mei tastimming fan de bewenster yn it hûs wie. Dat wie net sa, mar se koene elkoar wol. De plysje hat him meinaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)