Ynbrekker folge en oanhâlden

12 mrt 2012 - 10:06
  • Oanhâlden

In 45-jierrige Ljouwerter is freed oanhâlden op fertinking fan ferskate ynbraken. De man stiet bekend as ynbrekker. Hy hâlde him fertocht op by portiken oan de Pieter Stuyvesantwei. De plysje gie derop ôf. Eefkes letter waard de fertochte sjoen yn de Boeierstrjitte. Dêr gie er in wente yn en doe fytste er wer fuort. Op de Tsjalkstrjitte waard er oanhâlden mei in stellen laptop.

De plysje sette grut yn om de man te pakken fanwege it grutte tal ynbraken fan de lêste tiid. Nei alle gedachten hat er mear ynbraken op syn gewisse.

De fertochte Ljouwerter wurdt moandei foarlaat oan de rjochter-kommissaris.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)