Ynbrekker filme, wylst er stellen ark ynlaadt yn auto

13 apr 2015 - 11:26
  • Plysje

By in ynbraak yn in kontener op in terrein fan boubedriuw Koning oan de Kleasterdyk yn Winsum is in soad ark stellen. De fertochte stiet op kamerabylden. Te sjen is dat er it him oan tiid docht by de ynbraak. Hy hat it stellen guod yn in wite Seat Inca dien en is dêrnei fuortriden.

Neffens de plysje hat de auto diels in ôfwikende kleur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)