Ynbrekker ferwûne by fal

13 jan 2011 - 13:00

In trappearre ynbrekker op de Ljouwerter Weaze is op de flecht fiif meter nei ûnderen fallen. Dêrby bruts er de skonk op twa plakken. In tsjûge seach dat de man in dak op klom en besocht binnen te kommen by in hoarekasaak. Doe't de ynbrekker yn de gaten krige, dat er sjoen wie, naaide er út, mar foel dêrby meters nei ûnderen.

Hy is oanhâlden en nei sikehûs MCL brocht. It is noch net dúdlik oft de man ek wat stellen hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)