Ynbrekker docht it ljocht oan

06 mrt 2010 - 14:29

In 26-jierrige ynbrekker út Ljouwert is oanhâlden nei't er himsels yn it ljocht set hie. De man hie by in ynbraak yn in wente oan 'e 4e Saskiadwersstrjitte it ljocht oandien. In tsjûge seach de man oan it wurk en belle de plysje. Der koe ek in dúdlik sinjalemint trochjûn wurde.

De plysje koe de ynbrekker efkes letter yn de strjitte oanhâlde. De man hie in kamera en in laptop stellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)