Ynbrekker betrape yn Menaam

18 jun 2006 - 14:58

De bewenner fan in hûs oan de Sânwei yn Menaam hat freedtenacht in ynbrekker yn syn hûs betrape. De bewenner waard wekker en seach dat it gerdyn fan de skodoar fan syn sliepkeamer iepen skood waard.

In ûnbekende man stapte syn sliepkeamer binnen. De bewenner sprong út bêd, wêrnei't de ynbrekker útnaaide. De bewenner gong de man achternei en smiet in stik hout nei him ta. De ynbrekker is noch net fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)