Ynbrekker betrape yn Ljouwert

15 nov 2006 - 11:41

In ynbrekker is woansdeitemoarn betiid betrape doe't er mei in bûslampe op in sliepend stel skynde. Dat barde yn de Oeverstrjitte yn Ljouwert. De bewenner (20) en syn frou (18) waarden wekker troch it skynsel.

Tegearre mei in húsgenoat (31) gie de man achter de ynbrekker oan. De ynbrekker, in Noardburgumer (21), is letter oppakt troch de plysje. Hy siet ûnder it bloed en is behannele yn it sikehûs. Hy sit no fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)