Ynbrekker betrape yn Boalsert

12 jan 2013 - 11:46
  • Ynbraak

In buertbewenner hat freedtejûn in ynbrekker trappearre yn in wenning oan de Titardusstrjitte yn Boalsert. De man hearde dat der lûd út it hûs kaam en hy wist dat de bewenner net thús wie. Ek gie it ljocht op de boppeferdjipping oan en net folle letter seach de buertbewenner in persoan nei bûten kommen. Dy naaide fuortdalik út. De tsjûge seach noch dat de persoan yn in auto stpate en sûnder ferljochting fuortried. De bewenner die letter dy jûn oanjefte. Ut syn hûs waarden ûnder oaren sieraden meinaam. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)