Ynbraken yn trije boukonteners

31 jan 2008 - 10:36

Op twa plakken yn Fryslân is yn 'e nacht fan tiisdei op woansdei ynbrutsen yn seekonteners. Dat wie yn Bûtenpost en yn Appelskea. De kontener yn Bûtenpost stie op in bouterrein oan Achter de Diken, Der is ark stellen.

Yn Appelskea sloegen ynbrekkers ta op in bouterrein oan De Maden. Dêr is in hiel soad ark stellen út konteners. De ynbrekkers helle ek noch guod út in boukeet op it terrein. De plysje ûndersiket beide ynbraken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)