Ynbraken yn sportkantines

09 nov 2010 - 11:14

De plysje ûndersiket ynbraken yn sportkantines yn De Blesse en yn Munnekebuorren. Yn de Blesse kamen de dieders de kantine yn troch de foardoar iepen te brekken. Yn it gebou hawwe se de boel fernield en jild meinaam út 'e klûs.

By de sportkantine yn Munnekebuorren kamen de dieders troch de achterkant fan it gebou deryn. Yn 'e kantine waarden doarren iepenbrutsen en is jild stellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)