Ynbraken yn Snits en De Gordyk

19 nov 2007 - 10:11

By in ynbraak yn in hoarekasaak yn Snits is sneintenacht aardich jild stellen. De dieders makken in gat yn it dak en koene der sa ynkomme. Dêr ha se twa klúskes, in gokkast en in jukebox iepen brutsen. It jild dat der ynsiet waard meinaam.

By in ynbraak yn in tankstasjon op 'e Gordyk is sneintenacht in grutte partij tabak stellen. De dieders kamen deryn troch in glêzen doar yn te smiten. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)