Ynbraken yn krystnacht

26 des 2008 - 14:08

Der is tongersdeitenacht op ferskate plakken yn 'e provinsje ynbrutsen. Bewenners fan in hûs oan de Skûtmakkerstille yn Dronryp misse in spulkompjûter; út in hûs oan de Nanningaweg yn Easterwâlde waard in lyts jildbedrach stellen.

By in ynbraak yn in wenning oan de Grindweg yn Nijeberkeap waard in identiteitsbewiis meinaam. In laptop en in jildbedrach wienen de bút by in stellerij út in hûs oan de Jan Piebengawei yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)