Ynbraken yn huzen Frjentsjer

12 aug 2013 - 10:11
  • Ynbraak

De plysje yn Frjentsjer ûndersiket twa ynbraken yn huzen oan de Jan Piebengastrjitte en de Professor Camperstrjitte. Ut it hûs oan de Jan Piebengastrjitte binne televyzjes, ark, jild en sieraden stellen. Om deryn te kommen waard in rút oan de achterkant fan de wenning fernield.

Ut it hûs oan de Professor Camperstrjitte binne ferline wike jild, in spikerbroek en smokersguod stellen. Dêr waard ek in rút oan de achterkant fernield. De plysje siket tsjûgen fan de ynbrekkerijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)