Ynbraken yn Drachten

29 nov 2013 - 14:09
  • Ynbraak

De plysje ûndersiket trije ynbraken yn 'e Drachtster wyk De Singels fan tongersdeitejûn. De ynbraak by in wenhûs oan de Hulstbosk mislearre, omdat it alarm ôfgie. Op de adressen oan de Fabriciusleane en de Ikesingel kamen de ynbrekkers der wol yn. It is noch ûndúdlik wat dêr krekt stellen is.

De plysje freget minsken dy't wat sjoen of heard hawwe, te beljen mei 0900-8844 of mei Misdie Anonym, telefoannûmer 0800-7000.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)