Ynbraken oplost troch DNA

26 sep 2013 - 14:04
  • Plysje-embleem

De plysje hat seis ynbraken yn Fryslân oplost troch DNA. De 43-jierrige man út Ljouwert is tiisdei oppakt foar stellerij út in wenning yn Wurdum en in skoalle yn Wynjewâld. Hy waard ek fertocht fan twa oare ynbraken en hat alles bekend.

In Ljouwerter fan 49 jier hie bloed ferlern doe't er ynbruts yn in wenning oan de Prins Bernardstrjitte yn Burgum en is dêrtroch no identifisearre en oppakt. Yn Snits is in 28-jierrige bewenner oppakt foar in ynbraak yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)