Ynbraken oplost mei oanhâlding

01 mrt 2014 - 15:04
  • Ynbraak

De plysje tinkt mei de oanhâlding fan twa ynwenners fan Litouwen in grut tal ynbraken yn de noardlike provinsjes oplost te hawwen. De twa waarden oppakt nei in fjochtpartij yn Assen. By it ûndersyk kaam de plysje in ferskaat oan stellen guod tsjin. It giet dan ûnder oare om airbags, radio's en sinnebrillen. Neffens de plysje is it guod stellen yn Fryslân, Grinslân, Drinte en Oerisel. De fertochten sitte noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)