Ynbraken Ljouwert en Wolvegea

22 jul 2007 - 14:11

By in skoalle oan de Rengersleane yn Ljouwert binne yn de nacht fan sneon op snein in grut tal kompjûterskermen stellen. De dieven hawwe nachts in rútsje ynslein en binne sa it gebou binnenkaam.

By in oare ynbraak, by in winkel yn Wolvegea, binne de dieven útnaaid mei hiel oar guod. Ek by dizze ynbraak kamen se troch it rút nei binnen, mar hjir waard benammen snobbersguod meinaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)