Ynbraakprevinsjetelefoan Harns

18 nov 2011 - 10:04

De plysje yn Harns en Frjentsjerteradiel iepenet krekt as ferline jier de ynbraakprevinsjetelefoan. Dat hat krekt as in jier earder te krijen mei in taname fan it tal ynbraken yn benammen Harns en Frjentsjer. Minsken wurdt frege om elke fertochte beweging op in spesjaal mobyl nûmer te melden. De taname fan it tal ynbraken hat te krijen mei de wintertiid, it is no wer earder tsjuster.

De ynbraakprevinsjetelefoan wurdt ek wol de 'hûnetelefoan' neamd. De plysje skreau yn earste ynstânsje hûnebesitters oan, omdat dy by har jûnskuier in gruttere kâns hawwe om fertochte saken te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)