Ynbraakprevinsje yn gemeenten

08 jul 2014 - 12:43

De gemeenten De Fryske Marren, Súdwest-Fryslân en Littenseradiel sille gearwurkje om it tal ynbraken yn de gemeenten te ferminderjen. De plysje sit ek yn de projektgroep. It is de bedoeling dat de gemeenten benammen ynsette op bewustwurding.

De ôfrûne jierren wurdt hieltyd mear ynbrutsen yn it súdwesten fan de provinsje. De gemeenten hoopje dêr wat oan dwaan te kinnen. De gemeente is ek fan doel Whatsappgroepen en ljochtkranten te brûken om de ynwenners te ynformearjen oer ynbraakprevinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)