Ynbraak yn tsjerke Appelskea

21 nov 2006 - 15:08

De plysje ûndersiket de ynbraak yn in tsjerke oan de Van Eemstwei yn Appelskea. Dieven hawwe dêr yn de nacht fan snein op moandei west. Se brutsen in doar iepen om deryn te kommen.

De hiele tsjerke waard trochsocht. Dêrby waarden ferskate kasten iepenbrutsen. Ut in jildkistke misse inkelde tsientallen euro's. In 58-jierrige ynwenner fan Appelskea hat oanjefte dien út namme fan de tsjerke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)