Ynbraak yn tinte op kemping

09 jun 2014 - 12:16
  • Aanst wer karavans en tinten op kemping Ikenhiem

In man (39) út Akkrum is sneintemoarn oanhâlden foar ynbrekken yn in tinte, mishanneling fan in tsjûge en it stellen fan fytsen. In tsjûge seach hoe't de man op in kemping oan de Ulbe Twynstrawei yn syn wenplak in tinte yngie. Doe't er de dief oanspruts, krige de tsjûge in hurde klap op it skouder.

De dief naaide út op in fyts, waard op basis fan kamerabylden troch de plysje herkend en thús oanhâlden. Yn syn garaazje fûn de plysje ferskate fytsen. Dy binne meinaam foar ûndersyk. De fertochte sit noch fêst. Ut de tinte is neat stellen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)