Ynbraak yn tankstasjon

12 jun 2011 - 09:58

By it tankstasjon oan de Ljouwerterdyk yn Ferwert is yn de nacht fan freed op sneon ynbrutsen. De plysje krige nachts de melding en kaam by Ferwert in auto tsjin dy't mei hege snelheid rjochting Burdaard ried. De plysje gie achter de auto oan, mar rekke him kwyt.

Se fûnen de auto werom yn Broeksterwâld. De ynsittenden wiene fuort, mar it stellen guod - shag en sigretten - lei noch yn de auto. Dy hie falske nûmerplaten. De auto is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)