Ynbraak yn supermerk yn Frjentsjer

28 jun 2015 - 12:33
  • Poiesz yn Frjentsjer

Yn Frjentsjer is ynbrutsen by in supermerk yn de Julianastrjitte. Dat wie yn de nacht fan sneon op snein om likernôch 01.30 oere. Doe't de plysjes by de winkel kamen, seagen se dat in doar fernield wie en dat der ek minsken yn de winkel west hienen. Rollûken fan de kast mei sigaretten en medisinen wienen fernield, mar der miste neat. De plysje freget oft tsjûgen kontakt opnimme wolle mei de plysje.

De winkel wie snein gewoan iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)