Ynbraak yn sportkantine

02 jan 2011 - 13:05

Ut in sportkantine yn Blesdike is sneontejûn in kompjûter stellen. Der is in doar stikken makke om binnen te kommen. De plysje docht ûndersyk.

De plysje ûndersiket ek in ynbraak yn in hûs yn Ljouwert oan de Vincent van Goghstrjitte. Dêr is in rút iepenbrutsen. Nei alle gedachten is dat sneontemiddei dien. Der is in laptop stellen en in digitale kamera. Ek yn in bedriuw op De Lemmer is freedtenacht ynbrutsen. Der is jild bút makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)