Ynbraak yn skoalle Ljouwert

15 jul 2006 - 15:13

In 19-jierrige Ljouwerter is freedtenacht oanhâlden foar in ynbraak yn in skoalle oan de Tsjerk Hiddesstrjitte. Tsjûgen seagen twa jonges fuortfytsen doe't it alarm ôf gie.

Se wiene binnenkommen troch it wc-rútsje. Op 'e stoepe stie noch in kompjûterskerm. De plysje koe ien fan de beide manlju oanhâlde. Hy hie gjin stellen guod mear by him. De twadde man koene se net mear achterhelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)