Ynbraak yn Pander-timpeltsje

14 aug 2007 - 15:26
  • De Pier Pander-timpel yn Ljouwert is wer ticht

Der is moandeitemiddei ynbrutsen yn de Pier Pander-timpel yn de Prinsetún yn Ljouwert. Dy timpel is krekt opknapt en op 'e nij iepene foar it publyk. De byldhouwer stiet dizze simmer sintraal yn de Pier Pander-manifestaasje.

De behearder fan it timpeltsje, it histoarysk sintrum Ljouwert, hat it timpeltsje foarearst wer op slot dien. Pas as dúdlik is hoe grut de skea krekt is wurdt besletten oft de timpel wer op koarte termyn iepen kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)