Ynbraak yn Opsporing Verzocht

07 jul 2009 - 15:07

De plysje lit tiisdei yn Opsporing Verzocht bylden sjen fan twa ynbrekkers dy't mei in ljedder ynbrutsen by in bedriuw op It Fean.

Yn de nacht fan sneon 15 op snein 16 novimber ferline jier seach in befeiligingsmeiwurker dat in rút ynslein wie by in garaazjebedriuw op de Skrynmakker. Tsjin de gevel stie in ljedder. De befeiliger warskôge de plysje. De twa ynbrekkers wisten te ûntkommen, mar binne wol fêstlein troch in kamera.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)