Ynbraak yn moskee

24 okt 2000 - 09:12

Yn de moskee oan it Noardfliet yn Ljouwert is sneontenacht ynbrutsen. Der is ûnder oare jild út de kollektepot stellen. De imam is benaud dat de dieder út eigen rûnten komt om't er wist wêr't it guod te heljen wie.

De klûs fan de goudsmid, dy't yn itselde pân fêstige sit, is ek iepenbrutsen. Syn foarried oan sieraden en goud, mei in wearde fan 60.000 gûne, is stellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)