Ynbraak yn Ljouwert

30 nov 2008 - 15:32

By in ynbraak sneontejûn yn de Wismastate yn Ljouwert binne ynbrekkers útnaaid mei in grutte flatscreen televyzje. Se hiene it rút fan in skopui ynsmiten en wiene sa de wenning ynkaam.

In buertbewenner dy't de hûn útliet seach noch krekt hoe't twa manlju de tv ynladen yn in donkere auto en hurd fuortrieden. In syktocht nei dy auto en de beide ynbrekkers hat neat mear opsmiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)