Ynbraak yn kasino De Jouwer

20 jun 2011 - 07:53
  • It kasino op 'e Jouwer (foto: Omrop Fryslân)

Fjouwer Marokkaanske manlju hawwe moandeitemoarn betiid ynbrutsen yn it kasino yn de Midstrjitte op De Jouwer. Dat wie om healwei fiven hinne.

Twa fertochten naaiden út yn in auto. Nei in wylde achterfolging sprongen de manlju by Snits út de ridende auto wei yn it wetter. Mei speurhûnen koene se oanholden wurde. Nei twa fertochten wurdt noch socht. Op De Jouwer waard noch in oare man yn in auto oanhâlden op fertinking fan belutsenheid by de oerfal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)