Ynbraak yn karavans

05 jun 2011 - 12:57

De plysje docht ûndersyk nei in ynbraak yn in stalling fan karavans oan de Hearewei yn Pitersbierrum. By dy ynbraak binne ek ferskate karavans trochsocht en dêrby folslein oer de kop helle. Dêrby is ek skea ûntstien.

Wat der krekt meinaam is, is noch net bekend. De ynbraak wie tusken freedtemiddei en sneontemoarn. De dieder koe de stalling ynkomme troch in rút stikken te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)