Ynbraak yn hûs Easterwâlde

16 mrt 2009 - 10:35

De plysje hat in ûndersyk ynsteld nei in ynbraak yn in wenhûs yn Easterwâlde. Sneintejûn forsearden de ynbrekkers de doar. Se binne útnaaid mei in laptop, in flatscreen televyzje, kamera's en jild. De bewenner (33) hat oanjefte dien.

Oan de Splitting yn Drachten is yn de nacht fan sneon op snein ynbrutsen yn in skoalle. De ynbrekkers kaam de skoalle yn troch in rút. Se namen fjouwer kompjûters mei. In Drachtster (50) hat oanjefte dien fan 'e ynbraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)