Ynbraak yn himpkwekerij

08 aug 2013 - 10:45
  • Ynbraak

Twa Harnzers binne woansdeitenacht trapearre op ynbraak yn in gebou oan de Heechstrjitte yn Harns. In buertbewenner hie glês rinkeljen heard en de plysje belle. Yn it gebou trof de plysje in himpkwekerij oan.

De ynbrekkers binne meinaam nei it plysjeburo en sitte dêr fêst foar ûndersyk. De fertochten binne 24 en 27 jier âld. In auto dy't se by harren hiene, is yn beslach naam. De plysje besiket der ek noch achter te kommen wa't de eigener fan de himpkwekerij is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)