Ynbraak yn fotosaak Frjentsjer

23 maaie 2002 - 00:00

Yn in fotowinkel oan de Zilverstrjitte yn Frjentsjer is foar tsientûzenen euro's oan digitale fotokamera's en fideokamera's stellen. It is foar de fjirde kear yn acht moannen tiid dat yn de saak ynbrutsen is. Befeiligingskamera's ha de dieven net tsjinhâlden.

De plysje hat fergees in syktocht hâlden yn de omjouwing. De technyske resjerzje stelt in ûndersyk yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)