Ynbraak yn bedriuwen

02 feb 2011 - 10:41

By in ynbraak yn in bedriuw oan de Apollowei yn Ljouwert is tiisdeitejûn in soad skea ûntstien. De ynbrekkers fernielden in stek, makken doarren stikken en forsearden de klûs. It jild dat dêryn siet, ha se meinaam. It is net bekend om hoefolle oft it giet.

Yn Easterwâlde is tiisdei ek ynbrutsen by in bedriuw oan de Venekoterwei. Dêr waard in doar fernield. Ut de kassa is jild stellen. Ek binne kezinen fernield.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)