Ynbraak yn auto's mislearre

05 mrt 2012 - 12:02
  • Plysje

De plysje hat sneintemiddei in 36-jierrige Ljouwerter oppakt dy't besocht yn te brekken by in autobedriuw oan de Leo Twijnstrjitte yn Ljouwert. In plysje yn boarger seach de fertochte oer it stek fan it bedriuw klimmen. De man seach yn de parkearde auto's.

De oproppen plysjes hawwe de man oanhâlden en meinommen nei it buro. Dêr fûnen se ynbrekkersark yn syn rêchsek. De fertochte is in bekende fan de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)