Ynbraak wettersportwinkel

15 jun 2010 - 11:26

By in ynbraak yn in wettersportwinkel yn Warkum is yn de nacht fan moandei op tiisdei foar sa'n tolve tûzen euro oan guod stellen. De dieders hiene oan de achterkant fan de saak mei in koefoet in houten plaat út it gebou brutsen, wêrnei't se deryn koene.

Se hawwe mêsten, seilen, kites en surfplanken stellen. De eigner belle de plysje nei't by him thús it tillefoanysk alarm ôf gong wie. De dieders wiene al útnaaid doe't de plysje oankaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)