Ynbraak túnsintrum Haulerwyk

02 des 2007 - 13:31

De plysje docht ûndersyk nei in ynbraak yn de kas fan in túnsintrum oan de Slinke yn Haulerwyk. Yn de nacht nei snein gong om 02.00 oere nachts it alaarm ôf en doe't de eigner seach wat der oan de hân wie, trof er yn de kas in ûnbekende man oan.

De eigner pakte de man beet, mar krige in slach yn it gesicht. De ûnbekende man koe dêrnei útnaaie. De plysje hat noch om him socht, mar hat neat mear fine kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)