Ynbraak tankstasjon De Sweach

02 sep 2011 - 09:59

De plysje hat tongersdeitenacht yn Beetstersweach in man fan 18 út Zoetermeer en ien fan 20 út Den Haach oanhâlden foar in ynbraak yn in tankstasjon yn it doarp. De plysje hie in melding krigen en gie der hinne. De plysjeminsken seagen op It Súd twa auto's dy't hurd rieden en joegen har dêrom in stopteken. Ien fan de auto's koe ûntkomme, de oare botste by in flechtpoging tsjin de plysje-auto.

Ien fertochte koe gelyk oanhâlden wurde, de oare nei in koarte syktocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)