Ynbraak supermerk De Westereen

21 jan 2009 - 09:49

Der is tiisdeitenacht ynbrutsen yn in supermerk op De Westereen. De dieders kamen binnen troch in gat yn it dak te meitsjen en namen fral djoerdere kosmetikaprodukten mei.

De plysje warskôge der earder dizze wike foar dat der nei alle gedachten in ynbrekkersbinde aktyd is yn Fryslân. It tal ynbraken leit folle heger as ornaris en de dieven komme hieltyd binnen troch in gat yn it dak te meitsjen. Winkelpersoniel wurdt frege om ekstra goed op te letten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)