Ynbraak by skoallen Sint-Anne

25 nov 2013 - 15:00
  • Ynbraak

Beide basisskoallen yn Sint-Anne binne it ôfrûne wykein troffen troch ynbraak. Yn de Slotskoalle waard goed 150 euro oan jild meinaam. In soad doarren en kasten waarden fernield.

Iepenbiere basisskoalle It Fonnemint hie ek in soad skea oan doarren en kasten, mar dêr waard gjin jild fûn. Laptops, tablets en kompjûters lieten de dieven lizze, mar de bosk mei kaaien namen se mei. Dêrom krige de skoalle moandei nije slotten op 'e doarren. De bern út Sint-Anne koenen dy dei gewoan wol nei skoalle ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)