Ynbraak mei kaai thússoarch

27 aug 2012 - 15:55
  • It hûs fan de 88-jierrige frou dêr't de oerfal plakfûn
  • Wouter de Vries (r.) fan de plysje

De persoan dy't sneintemoarn ynbrutsen hat by in 88-jierrige frou yn Harns, is de wente ynkaam troch in kaai te brûken dy't bedoeld is foar de thússoarch. Dat hat de plysje moandei bekend makke. De frou ferstoar flak nei de ynbraak oan in hertstilstân.

De kaai hong yn in kastje dat troch thússoarchmeiwurkers iepene wurde kin mei in koade. De dieder fan de ynbraak hat it lykwols iepen krige mei in brekizer. Neffens de plysje giet om de tredde ynbraak yn Harns dêr't in kastje by iepenbrutsen is.

Der wie neffens teamsjef Mame Bouma fan de plysje gjin sprake fan fysyk geweld. De plysje lit noch ûndersykje of dizze wize fan ynbrekken ek op oare plakken yn it lân foarkomt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)