Ynbraak Ljouwert en De Lemmer

27 mrt 2007 - 11:18

Ut fjouwer renovaasjehuzen yn Ljouwert binne HR-tsjettels stellen. De wenten oan de Carel van Manderstrjitte en de Matthias van Pellicomstrjitte stean leech en wurde op dit stuit opknapt. De dieven binne der nei alle gedachten yn kommen troch de doarren stikken te meitsjen.

Op 'e Lemmer is ynbrutsen yn in sporthal oan de Riensingel. Der mist wat jild en in radio. De ynbraak wie tusken freed en moandeitemoarn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)