Bút ynbraak kasino weromfûn

20 jun 2011 - 13:54
  • It kasino op 'e Jouwer (foto: Omrop Fryslân)

It jild dat moandeitemoarn stellen is by in ynbraak yn it kasino op 'e Jouwer is wer boppe wetter. De tûzenen euro's leinen yn de auto fan twa fan de fjouwer fertochten dy't yn Snits oppakt binne. In oare man is op 'e Jouwer oppakt. Hy soe belutsen wêze by de ynbraak. De plysje is noch hieltyd op syk nei twa fertochten.

De fertochten binne fan Noard-Afrikaanske komôf. Se sloegen mei in grutte moker de gokkasten yn om it jild derút te heljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)